Je kunt niet tégen duurzame doelen zijn!

Aan welke SDG-doelen levert de Friezinn een bijdrage?
Douwe Gerlof Heeringa (eigener): “Ik ha gjin SDG-flagge hingjen en set ek gjin buordsjes mei piktogrammen del. It giet my derom om eltse dei goed en wier te kiezen. De ôfkomst fan de produkten is foar ús wichtich. We kieze foar tichtby, foar biologysk en soms foar fairtrade. Faak is tichtby de meast duorsume kar.”
Geldt dat ook voor de andere activiteiten?
Douwe Gerlof: “Wy hawwe in nachttún spesjaal ynrjochte foar blommen en bisten dy’t nachts libje. Wy hawwe in buskeskemping dêr’t minsken fan it tsjuster en de nacht genietsje kinne. Us ‘tsjustermeter’ op it dak stiet der om minsken bewust te meitsjen fan it belang fan tsjuster. By alle aktiviteiten, as wy meidogge oan ‘nachts fan de nacht’ oant‘de strúnrûte’, as wy in band spylje litte of in spultsjesjûn organisearje, meitsje wy in bewuste kar, it moat earlik en wier wêze. En dy omfetsje alle SDG-doelen.”
Wat zou je mensen nog mee willen geven?
Douwe Gerlof: “ Wy feroarje de wrâld net, mar wy kinne minsken wol oars sjen litte. Lyts begjinne en ús net wjerhâlde litte om’t wy de hiele wrâld net feroarje kinne. Kinst net tsjin duorsume doelen wêze. Mar je moatte it wol posityf benaderje. Oars wurket it net. It is paadwizer nei noch mear goede dingen. In soad minsken binne al hiel goed dwaande. Dêr moatte wy by oanslute.”
Meer nieuws uit Waadhoeke
Waar we mee bezig zijn

Waadhoeke foarbyld yn duorsum hanneljen
Lees meer

Nochris 2.0 een winkel vol kringloopgeluk
Lees meer

Wy donderje net samar wat fuort!
Lees meer